Mozilla Nederland

Mozilla Nederland is in mienskipswebstee beheard troch frijwilligers. It offisjele Mozilla-webstee is te finen op Mozilla-Europe.

Mozilla-NL is it thúsplak foar de ferskate Nederlânske- en Frysktalige oersetprojekten fan Mozilla-produkten of produkten dy't ek gebrûk meitsje fan Mozilla-technology. Sa fersoarget Mozilla-NL, neist de oersetting fan Firefox en Thunderbird, ek die fan Nvu en Sunbird.

Op dit webstee is ynformaasje te finen oer dizze ferskillende projekten, bygelyks oer wa't der meihelpe en hoe't de oersetters te beriken binne. Foar oersetters is der ek ynformaasje oer hoe't foarstellen dien wurde om de oersetting te ferbetterjen, bygelyks troch sels patches te meitsjen.

Dêrneist wurdt der oersette ynformaasje oanbean dy't ynteressant wêze kin foar de brûker, bygelyks oersette helpynformaasje of útjefteopmerkingen.







JJo nimme genoegen mei goed wylst der poerbêst is.  Fernij nei Firefox 3.6!


www.spreadthunderbird.com

Firefox 3.6 (Nederlânstalich | Oare talen)

Thunderbird 3.0.1 (Frysktalich | Oare talen)