Frysk
Dit is de begjinside fan de Fryske oersetting fan Firefox en Thunderbird. Firefox 3 is úitbrocht en kinne jo mei ien fan de keppelings hjirûnder ynlade. Der binne ek plannen om Thunderbird oer te setten.
Der is troch Mozilla hurd wurke om de feilichheid by it websneupen noch mear te fergrutsjen. Anti-phishing tsjin stellerij fan persoans- en bankgegevens is dêr ien fan. Troch de automatyske fernijings is elkenien wis fan beskerming tsjin spyware en oare gefaren fan it ynternet.
Firefox kin mei saneamde tafoegings, lytse programmaatsjes, mei ferskate funksjonaliteiten, útwreide wurde. Sa kin men de browser nei eigen idee ynstelle foar bygelyks de blêdwizers, RSS-lêzers en wurdboeken foar de staveringshifker. In protte dêrfan binne ek yn it Frysk of kinne jo op fersyk oersetten krije.
Mei de ynboude sykmasinen, lykas dy fan Google, kinne daliks sykopdrachten jûn wurde. Nij dêrby is de sykmasine fan Marktplaats.
Yn de Fryske Firefox sit standert de RSS-feed mei it lêste nijs fan Omrop Fryslân. Dêrneist binne de (online) helpteksten folslein yn it Frysk.
Mear ynformaasje oer bygelyks de oersetting, Linux en MacOS X fine jo op it foarum fan:
www.MozBrowser.nl
Fragen en opmerkings kinne jo pleatse op it foarum of stjoere nei: fryskefirefox at gmail.com.
Yn Firefox sit ek in staveringshifker ynboud. Dêrfoar moatte jo wurdlisten ynlade fanôf it Add-ons webstee fan Mozilla. It Fryske wurdboek kinne jo ynstallearje fanôf: addons.mozilla.org.
Mei freonlike groetnis,
It Fryske oersettersteam.
